Synopsis
It waar, ien fan de ûnderwerpen dêrt it measte oer praat wurdt. Foar de minsken dyt ynteressearre binne yn mear as allinne de foarsizzing foar de kommende dagen, is der de PietCast. In podcast mei waarman Piet Paulusma.Ien kear yn de trije wiken dûkt Wim Brons tegearre mei Piet djipper it waar yn. Hoe komt Piet oan syn ynformaasje? Krije we ea noch in alvestêdetocht? Hoe tinkt Piet oer de opwaarming fan de ierde? Allegear ûnderwerpen dyt oan e oarder komme kinne yn dizze podcast oer it waar.De PietCast is te finen yn iTunes. Of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS
Episodes
-
#11 Tonger, kjeld én waarmte. En falsk ljocht?
13/04/2018Piet blikt mei Wim noch heel even werom op de iiswike. Mar op it stuit is it útsûnderlik waarm! Fierder giet it oer Sahara sân, de doarpsmole fan Hjerbeam, oer houtkachels en oer de hege snelheidstrein. Lêste berjochten binne dat dy like fersmoargjend is as it fleantúch. Neffens Piet moat we de holle koel hâlde en prioriteiten stelle. De PietCast is ek te finen yn Apple podcasts of yn dyn eigen favorite podcastprogramma fia RSS
-
#10 Gryp, karnaval, ferdivedaasje, de winter en toch ek noch wer it klimaat
16/02/2018Ja, ja, ja de winter... Komt der noch wat? We hawwe it deroer, fansels! Mar Piet en Wim hawwe earst in menútsje as fjouwer 'smalltalk' oer gryp, karnaval en entertainment. En ta beslút: wat foar elementen út dizze winter binne streekrjocht ta te skriuwen oan de klimaatferoarings?
-
#9 Deltacongres 2017 yn Ljouwert, diel 2
11/01/2018Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te gast en dienen yndrukken op. Hjir diel 2 fan 2 PietCasts fan dit kongres ôf.
-
#8 Deltacongres 2017 yn Ljouwert, diel 1
17/11/2017Begjin novimber wie yn Ljouwert it Deltacongres. Op útnoeging fan Deltacommissaris Wim Kuijken wienen wetterskippen út hiel Nederlân en oare beliedsmakkers te gast yn it WTC om ynformaasje út te wikseljen oer de stân fan saken omtrint klimaatferoaring en de maatregels en oplossings dy't dêrmei nedich binne. Piet Paulusma en Wim Brons wienen ek te gast en dienen yndrukken op. Hjir diel 1 fan 2 PietCasts fan dit kongres ôf.
-
#7: Hurricanes. En it strân ûnder de 25 graden?
12/10/2017Hoe siet dat mei al dy orkanen? Wat hawwe wy dêr fan meikrigen? Wólle wy tsjintwurdich waarmere simmers? Ferwachtsje we dat? En in foarsichtige foarútblik nei de winter. Dêrby fral: hoe komt Piet ta syn winterfoarsizzing op 1 desimber?
-
#6: De simmerfoarsizzing
30/06/2017Yn dizze lêste PietCast foar de simmer giet it oer... de simmer! Piet makket alle jierren in simmerferwachting foar juny, july en augustus. Ien moanne fan dy trije hawwe we hân en hoe is dat gongen? Hoe siet it mei de ekstremen? We zoome noch even yn op de buien fan ein juny (dy moasten noch komme doe't dizze podcast opnaam waard) en dêrnei giet it oer july en augustus. Wat kinne we ferwachtsje? En hoe wie it doarpsfeest fan Hjerbeam eins :-)? Gean der even rêstich foar sitte en harkje nei twa mannen dy't it in goed kertier breedút hawwe oer it waar fan de kommende simmer en de eftergrûnen dêrby.
-
#5: Klimaatspesjal diel 2
24/05/2017Klimaatspesjal diel 2 mei Piet Paulusma. De resultaten fan en neipraat by de meeting by it KNMI mei alle (bekende) waarmanlju en -froulju fan Nederlân. Dy byienkomst wie in pear wiken ferlyn op inisjatyf fan de Deltakommissaris fan it Ryk Wim Kuijken. Hy komt oan it wurd yn dizze Pietcast en ek dy oare bekende Fryske waarman: Gerrit Hiemstra. Dit twadde part fan de klimaatspesjal begjint mei in frachmint út diel 1 wêryn't útlein wurdt wat foar gearkomste it einst om giet. Stay tuned! :-)
-
#4: Klimaatspesjal diel 1
25/04/2017Piet Paulusma is mei Wim Brons ûnderweis nei in byienkomst mei alle bekinde waarmanlju en -froulju fan Nederlân yn De Bilt by it KNMI. It gesprek yn de auto giet oer Piet's soargen en ydeeën oer de opwaarmjende ierde en se blikke foarút nei de gearkomste. Takom wike diel 2 mei ferslach fan dy fergadering yn de foarm fan gesprekken mei de Deltacommissaris Wim Kuijken, waarman Gerrit Hiemstra én fansels wer mei Piet Paulusma.
-
#3: Is april it logyske ferfolch op maart?
07/04/2017In koarte edysje 3 fan PietCast: Piet Paulusma evalueard maart en sjocht mei Wim Brons foarút op april.
-
#2: Piet syn waarsrûtine en de grillicheid fan maart
10/03/2017Alle dagen wer dûkt Piet it waar yn. Mar hoe sjocht syn dei der eins út en wêr hellet de waarman syn ynformaasje wei? Wim Brons krûpt mei Piet achter syn kompjûters foar it útplúzjen fan de moarnsrûtine fan de waarman. Fansels prate se ek noch even oer it waar yn maart, want is it no maitiid of dochs noch winter....
-
#1: De Winter fan 2016-2017
16/02/2017Dizze earste PietCast giet oer de winter. De winter is hast dien en mei Piet sjogge we werom op dizze perioade. Wat foel op oan dizze winter en kinne we toch noch wat kjeld ferwachtsje?